Bob de Vries wint yn Hoorn

09 jan 2010 - 23:18

Bob de Vries fan De Haule hat de njoggentjinde en lêste wedstriid om de Maraton Cup wûn. Yn Hoorn wie hy de rapste fan in acht man sterke kopgroep dy't it peloton op twa rûntsjes set hie. Ingmar Berga waard twadde, Sander Kingma tredde. Sjoerd Huisman út Andijk einige as tolfde, mar hy wie al wis fan de einoerwinning.

Mariska Huisman, suster fan Sjoerd, wie ek al wis fan de Cup by de froulju. Yn de lêste wedstriid waard se twadde achter Chris Witty.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)