Winst follybalfroulju Snits
De follybalfroulju fan Snits binne it nije jier begûn mei in oerwinning. De útwedstriid tsjin Callas Group Abcoude waard mei 3-0 wûn. De setstannen 25-21, 25-17 en 25-22 foar Snits.
De froulju fan coach Derk de Saegher bliuwe koprinner yn de B-league mei 30 punten út 11 wedstriden. Taurus út Houten is de nûmer twa mei 24 út 10.