Afke Hijlkema sportfrou 2009

De sportfrou fan 2009 yn 'e midden
Tsienfâldich PC winneres Afke Hijlkema is de bêste sportfrou fan 2009. Dat hawwe de harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân sneontemiddei bepaald yn de nûmer-1-enkête. Afke Hijlkema krige 33 persint fan de stimmen. Twadde waard maratonreedrydster Elma de Vries. Sy hat har koartlyn ek pleatst foar de 5000 meter by de Olympyske Spelen.
Oare froulju dy't faak neamd waarden wiene fierljepster Anna Jet Leyenaar en duatlonatlete Mariska Kramer.