Friesland Vaart hâldt op

09 jan 2010 - 14:07

Der komt gjin nije edysje fan Friesland Vaart. It wettersportevenemint soe dizze simmer wer hâlden wurde. Friesland Vaart wurdt ien kear yn de 4 jier hâlden. It evenemint is twa kear organisearre. De lêste kear wie yn 2006. Doe diene 600 boatsjefarders mei. Sy foeren doe wikenlang troch Fryslân.

Op it slotspektakel yn Ljouwert kamen doe 25.000 minsken ôf. Yn it nije belied fan Fryslân promoasje is gjin romte mear foar Friesland Vaart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)