Seis jier sel foar dea Snitser

30 mrt 2012 - 15:05

De haadfertochte (31) yn de saak fan de dea fan in Snitser (46) moat seis jier de sel yn. Ek hat de fertochte út Drachten TBS oplein krigen. Dizze straf falt heger út as de 5 jier dy't easke wie. It slachtoffer waard yn febrewaris 2011 dea fûn yn in wenning op It Hearrenfean. Hy wie mei geweld om it libben brocht.

Trije manlju wiene yn it hûs oanwêzich doe't de man deadlik ferwûne rekke. De haadfertochte wie op it momint fan de moard swier ûnder ynfloed fan drank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)