Kaya kandidaat amtner 2010

09 jan 2010 - 12:06

Amtner Ömer Kaya 25) fan 'e gemeente Ljouwert is nominearre foar de titel Jonge Amtner fan it jier 2010. Kaya is mei twa oare amtners troch de Feriening Nederlânske Gemeenten útkeazen út alve kandidaten.

Neffens Kaya sels is hy nominearre om't hy wurket mei moderne media as Facebook en Twitter. Ek hat hy it inisjatyf naam om mei filmkes diskusjes te fieren. Hy wurdt dêrom ek wol omskreaun as in typyske '2.0 amtner'. Kaya wennet yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)