Skippen yn konfoai oer Iselmar

09 jan 2010 - 11:28
  • Ien fan 'e iisbrekkers fan rykswettersteat op 'e Iselmar

In konfoai fan seis frachtboaten en trije iisbrekkers is sneontemoarn betiid ôfset foar de reis troch it Iselmariis fan De Lemmer nei Amsterdam. It is it doel om mei help fan iisbrekkers fan Rykswettersteat de fargeul fan Amsterdam nei Fryslân iepen te hâlden. Ofsjoen fan de fargeul jildt in farferbod foar de folsleine Iselmar en Markermar.

In konfoai fan fjouwer frachtskippen en trije iisbrekkers is dwaande mei de reis fan Amsterdam nei De Lemmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)