Farferbod op Iselmar

08 jan 2010 - 19:44

Rykswettersteat hat freedtemiddei in farferbod ynsteld foar de Iselmar. Skipfeart tusken De Lemmer en Amsterdam is ferbean fanwege it iis. Der wurdt noch sjoen as der sneon skippen yn in konfoai farre kinne, mooglik mei de help fan iisbrekkers.

Rykswettersteat hâldt seis iisbrekkers achter de hân. Skippers dy't meifarre wolle, moatte harren melde by Rykswettersteat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)