Ferlies Hearrenfean yn Turkije

Sportklup Hearrenfean hat de earste oefenwedstriid op it trainingskamp yn Turkije ferlern. Genclerbirligi, op dit stuit de nûmer sân yn Turkije, wie yn Belek mei 3-1 te sterk.
Foar it skoft spilen de Feansters fan trainer Jan de Jonge mei de basisalve. De Turken namen doe in fertsjinne 2-0 foarsprong. Yn de twadde helte stie der in nije Hearrenfeanploech. Dy ploech die it better, mar dochs waard it 3-0. Hernan Losada makke yn it lêst de earetreffer.