Opnij Ljouwerter fermist
Yn Ljouwert wurdt wer in man fermist. De 67-jierrige Bootsma is freed om kertier oer tolven noch sjoen yn de Knoopstrjitte. Dêrnei net mear. Om't er dementearjend is, hat de plysje in Burgernetaksje op tou set.
Bootsma is in blanke man fan 1,76 meter lang mei in normaal postuer en griis, koart hier. Hy hat in donkerblau wynjack en in donkere broek oan en mooglik in mûtse op. De earder fermiste Ljouwerter út 'e wyk Bilgaard is wer terjochte.