Wiegel en Freek op protestjûn

Kabaretier Freek de Jonge hat yn Warkum wenne
Ald-kommissaris Wiegel en kabaretier Freek de Jonge sprekke op de 'Jûn fan de demokrasy' op 28 jannewaris yn Koudum. De manifestaasje is in protest tsjin de foarnommen weryndieling fan de fiif Súdwesthoekegemeenten. De organisaasje leit by de aksjegroep 'Fan Underen Op'. De dei nei de manifestaasje komt de fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken del om te sjen yn 'e Súdwesthoeke. Der sil dan ek in harksit oer de weryndieling wêze.