'Sven sil der fol foar ride'

08 jan 2010 - 14:17
  • Wopke de Vegt

Sven Kramer sil der fol foar gean op it EK. Dat seit bûnscoach Wopke de Vegt. Sneon begjint it Europeesk Kampioenskip Allround yn Hamar en De Vegt ferwachtet net dat Kramer him ynhâlde sil, omdat oer in moanne de Olympyske Spelen binne.

Kramer kin in rekôr festigje troch foar de fjirde kear efterinoar Europeesk kampioen te wurden. Neffens De Vegt binne Bokko, Fabris en Skobrev de grutste konkurrinten en ek dy sille harren net ynhâlde dit wykein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)