Ferwûne by oanriding op A7

30 mrt 2012 - 14:37

Bij in oanriding op de A7, westlik fan De Jouwer, is in meiwurker fan Rykswettersteat freed ferwûne rekke. De man siet achter it stjoer doe't er oanriden waard troch in oare auto. Beide auto's steane yn de berm. De meiwurker fan Rykswettersteat hat rêchklachten, mar is net beknypt rekke yn syn auto.

It ferkear ûnderfynt gjin hinder fan it ûngelok, sa meldt de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)