Doutzen bêste ambassadeur

08 jan 2010 - 13:48

Model Doutzen Kroes fan Eastermar is de bêste Fryske ambassadeur bûten de provinsje en yn it bûtenlân. Dat is de miening fan de harkers fan Omrop Fryslân yn de nûmer-1-enkête fan freed. In soad minsken fine it moai dat se gewoan Frysk praat as dat kin.

Fierders wiene der in soad stimmen foar fuotbaltrainer Foppe de Haan en waarman Pyt Paulusma. Fryske sporters lykas Sven Kramer en Epke Zonderland wiene ek populêr. Sneon kin stimd wurde foar de bêste sporter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)