Toertocht Iselmar is ôfsein

De baan leit der moai by op 'e Iselmar
De toertocht op 'e Iselmar giet snein net troch. De iisklup fan Hylpen doar it net oan fanwege de minne waarberjochten. Der soe in soad snie en hurde wyn komme. De gemeente hoecht no gjin útspraak mear te dwaan oer de fergunning dy't ynlutsen is. De baan fan Hylpen nei Molkwar fan 5 kilometer soe gean oer plakken dêr't oars surfd wurdt. In jier ferlyn skreau de iisklup ek al in tocht út, mar dy waard ferbean troch de boargemaster.