Alvestêdetocht noch fier fuort

08 jan 2010 - 12:13

In Alvestêdetocht is noch hielendal net oan 'e oarder. Dat seit foarsitter Jan Oostenbrug fan de Fryske iiswegesintrale. Hy wol it dêrom net hawwe oer in Alvestêdetocht. Op mear as de helte fan 'e rûte leit gjin of mar 2 sintimeter iis.

Troch de temperatueren fan -12 en de oanhâldende froast wurdt de rop om in Alvestêdetocht bûten Fryslân hieltyd grutter. Oostenbrug kin neat oars dwaan as de Alvestêdekoarts om utens delbêdzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)