'Aldsjiersnacht droechlizze'

Fryslân soe yn de âldjiersnacht eins hielendal droechlein wurde moatte. Dat is offisier fan justysje Henk Mous fan betinken. Foar de rjochtbank moatte freed fjirtjin fertochten ferskine. Sy hawwe har skuldich makke oan fernielings en mislediging fan plysjes yn de âldjiersnacht. Yn alle gefallen wie drank yn it spul.
De earste fertochten krigen freedtemoarn jildboetes fan trochinoar 500 euro oplein. Boppedat krigen se wurkstraffen.