Soad fraach nei lienauto's

08 jan 2010 - 11:09

Autoferhierbedriuwen hawwe it op dit stuit drok mei it leverjen fan lienauto's. It winterwaar en de glêdens soargje de ôfrûne wiken foar nochal wat ûngelokken. Dêrby is faak sprake fan in soad blikskea. Minsken dy't mobyl bliuwe wolle, wylst de eigen auto yn reparaasje is, moatte dan oan in lienauto.

Direkteur Eelke Hoekstra fan Autolok yn Ljouwert ferwachtet dat de grutte fraach nei lienauto's noch wol eefkes oanhâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)