Kopic wol by Hearrenfean wei

Milan Kopic kin it shirt wer ynleverje
Hearrenfeanferdigener Milan Kopic mei per direkt op syk nei in oare klup. De 24-jierrige Tsjech kaam oardel jier ferlyn oer fan Mladá Boleslav, mar hat nea oertsjûgje kind.
Neffens algemien direkteur Yme Kuiper mei de Tsjechyske ferdigener de klup net transferfrij ferlitte en is ferhiere ek in opsje. Mooglik dat Kopic de oerstap makket nei FC Emmen. De Tsjechyske jeugdynternasjonal sit net mear by de seleksje dy't yn Turkije op trainingskamp is.