Aksje foar behâld ASR Wâldsein

08 jan 2010 - 10:49

ASR Fersekeringen yn Wâldsein moat iepen bliuwe. It personiel is dêrfoar mei in aksje út ein set dy't troch de fakbûnen oernaam is. ASR wol yn 2012 de festiging yn Wâldsein slute nei in skiednis fan hast 200 jier. Op dit stuit wurkje yn it doarp noch in 130 minsken yn in klantkontaktsintrum. Twadde Keamerlid Lutz Jacobi wol ASR Wâldsein helpe en siket stipe by de oare Fryske keamerleden en de provinsje. Se skat de kânsen yn op sawat 50 prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)