Deadlike fal yn silo

08 jan 2010 - 10:23

In 72-jierrige ynwenner fan Koudum is tongersdei om it libben kaam by in ûngelok yn it eigen doarp. De man reparearre in dongtransportbân op in boerepleats. Troch ûnbekende oarsaak foel er fan 'e bân, bedarre yn 'e silo en kaam om it libben.

De man waard fûn troch syn soan en dy warskôge de helptsjinsten. Dy koene neat mear foar it slachtoffer dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)