Pynlike nederlaach Aris

08 jan 2010 - 10:12

De basketballers fan De Friesland Aris binne tsjin in pynlik ferlies oanrûn. De Ljouwerters soargen derfoar dat de Rotterdam Challengers foar de twadde kear dit seizoen in oerwinning pakten. Rotterdam wûn mei 82-72.

Yn it lêste kwart kaam Aris noch mei fiif punten foar, mar joech de foarsprong dochs út hannen. Aris is no sechsde mei 18 punten út 18 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)