SC Cambuur net mear live op tv

07 jan 2010 - 18:24

Stjoerder RTL 7 hâldt op mei it live bringen fan wedstriden út de Jupiler League op freedtejûn. Dat betsjut foar SC_Cambuur in stik minder tv-oandacht, want de wedstriden fan de Ljouwerters kamen faak op tillevyzje.

Neffens RTL wurde de live wedstriden net goed besjoen. De gearfettings lûke wol genôch publyk en dy bliuwe der dan ek. Mooglik komme de wedstriden yn de neikompetysje oan de ein fan it seizoen wol wer op tillevyzje. Dêr is noch gjin beslút oer naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)