IIsbrekkers drok op Iselmar
It winterwaar hat ek foar de skipfeart grutte gefolgen. Benammen op de Iselmar dêr't iis foar in soad fertraging soarget. IIsbrekkers binne dan ek de hiele dei drok mei it iepenhâlden fan de fargeul tusken De Lemmer en Urk.
De winter liket noch wol even oan te hâlden en de grutte skipfeart krijt it hieltyd dreger.