Frysk helpt by baan

07 jan 2010 - 16:17

Mbû-learlingen dy't Frysk prate fine makliker in baan. It leannet dus as mbû-opliedings serieus wurk meitsje fan it brûken fan de Fryske taal. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan de provinsje nei hoe't der yn de Fryske bedriuwen omgien wurdt mei de taal. Sa'n 5600 bedriuwen diene mei.

Mbû-learlingen dy't it Frysk machtich binne, kinne sûnt koart in sertifikaat krije. Dat jout oan dat de learling de taal praat of yn alle gefallen goed begrypt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)