Fiskje op Japanske oesters

Nei de winter sil yn de Waadsee fiske wurde op Japanske oesters. Fjouwer fiskers sette yn opdracht fan it regear útein mei in proef om te sjen oft it fangen fan dy oester ekonomysk ynteressant wêze kin. Ek wurdt sjoen wat it effekt is op de natuer.
De Japanske oester is yn de jierren 60 útset yn de Oosterschelde, mar sûnt doe komme der hieltyd mear by en komme se ek hieltyd noardliker. Ûnder oaren dus yn de Waadsee. Meromar út Harns sil de oester yn de merk sette.