'Needopfang nedich yn It Fean'

Yn de gemeente Hearrenfean moat needopfang foar jongeren komme. Dat wol de fraksje fan Gemeentebelangen Heerenveen. Jongeren dy't om watfoar reden dan ek op strjitte komme te stean, hearre neffens de partij net thús yn de dakleazeopfang yn Ljouwert. Dêr leit de klam op ferslavingssoarch.
Neffens de partij moatte der yn de gemeenten foarsjenningen komme foar jongeren dy't gjin ûnderdak ha. De partij wol fan b. en w. witte hoe't sy tinke dat dit realisearre wurde kin.