Utwreiding farferbod

07 jan 2010 - 11:48

Mei yngong fan tongersdei jildt der ek in farferbod op de farwei nei Drachten. Sûnt woansdei is der al in farferbod op de measte farwegen yn Fryslân om wâlskanten te beskermjen tsjin kruiend iis.

Allinne it Prinses Margrietkanaal, Van Harinxmakanaal, de eastlike en westlike ynfeart fan Ljouwert, de Houkesleat oant en mei yndustryhavens en it ferbiningskanaal fan it Van Harinxmakanaal oant de Yndustrybrêge yn Harns meie noch brukt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)