Man rydt troch nei oanriding

07 jan 2010 - 10:33

In 42-jierrige automobilist út Ljouwert is woansdei oanholden omdat er trochriden wie nei in oanriding. De man wie op it Noordvliet yn Ljouwert tsjin in oare auto oanklapt. Tsjûgen notearren syn kenteken. Eefkes letter krige de plysje in melding dat de man tankt hie en net betelje koe. Omdat er dronken wie, pakten tsjûgen syn autokaai ôf.

De plysje hat de man nei it buro brocht. Dêr hat er proses-ferbaal krigen. Syn rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)