Twa jonges yn Molkwar oppakt

07 jan 2010 - 10:25

De plysje hat woansdei yn Molkwar twa jonges oppakt foar fernielerij. It giet om in jonge fan 14 jier en ien fan 13, beide út Koudum.

In tsjûge hie sjoen dat de jonges fytsen fernielden en belle de plysje. Doe't de twa dat yn de gaten krigen, woene se útnaaie. De tsjûge gie achter se oan en krige beide jonges te pakken. De plysje koe se dêrnei oanhâlde. Se hawwe proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)