Himpkwekerijen yn Ljouwert

07 jan 2010 - 10:03

De plysje hat woansdei yn Ljouwert twa himpkwekerijen oprôle. Nei oanlieding fan tips gie de plysje gebouwen yn oan de Diepenbrockstraat en de Valeriusstraat. Op it lêste adres fûnen de plysjes hast twahûndert himpplanten, by de oare wiene dat hast njoggentich.

Op beide adressen binne de planten en de apparatuer yn beslach nommen en ferneatige. Der koene gjin fertochten oanholden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)