Fernieler út Harns oppakt

07 jan 2010 - 09:58

In 39-jierrige man út Harns is woansdei oppakt yn syn wenplak foar fernielerij. De plysje krige in melding dat in man in rút fernield hie en tsjin auto's oantraapje soe. De fertochte waard oantroffen yn in pân oan de Noarderhaven. Hy fersette him bot by syn oanhâlding.

By fûllearring fûn de plysje ûnder oare in alarmpistoal, in nep plysjelegitimaasjebewiis en hânboeien. It guod is yn beslach nommen. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)