Hovercraft foar better iis

07 jan 2010 - 07:36

Der binne goed hûndert ideeën yntsjinne by yngenieursburo Oranjewoud om de kwaliteit fan it iis te ferbetterjen en dêrmei in Alvestêdetocht tichteby te bringen. It buro die tiisdei in oprop oan syn meiwurkers om mei te tinken oer oplossingen. Sa moat ûnder oare de snie fan it iis. Ek minsken fan bûten de organisaasje kamen mei ideeën.

Fan alle reaksjes binne der tsien oant fyftjin ek echt brûkber. Sa soe der in hovercraft ynsetten wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)