Ferkeap Cambuurstadion rûn

06 jan 2010 - 21:07
  • It stadion is ferkocht

De ferkeap fan it Cambuurstadion is rûn. Dat hat foarsitter Wim Sleijfer woansdeitejûn by de nijjiersresepsje bekend makke. Projektûntwikkeler Leyten út Rotterdam hat it stadion en de grûn dêr omhinne kocht. De hantekenings moatte noch wol set wurde, mar dat sil moandei barre.

Om hokker bedrach it giet wurdt net bekend makke, mar it soe gean om sa'n 10 miljoen euro. Oer in eventueel nij stadion is noch neat dúdlik, dat wurdt oer de ferkiezings hinne tild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)