Waadrintocht oer iis by Marrum

06 jan 2010 - 16:15
  • It Waad op nijjiersdei (foto Annie Landman)

De lêste kear dat it koe is alwer fyftjin jier lyn. Waadrinne oer it iis. Mar no sneon dan kin it wer. Dan is der in spesjale kuiertocht mei start en finish by Marrum.

It wurdt in izige tocht oer it iis fan it Noarderleech, sa seit it Waadrinsintrum. Gewoanwei wurdt der waadrûn yn de simmer. Leafhawwers kinne harren opjaan op website wadlopen.net. It sammelpunt is by de Seedykster toer yn Marrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)