Man út Ljouwert fermist

Heiko René Ensing
De plysje is op syk nei Heiko René Ensing (43). De Ljouwerter ferliet moandeitemoarn syn hûs yn de wyk Bilgaard om nei syn wurk yn Dokkum te gean. Dêr is er noait oankommen. Ek hat er dy deis syn auto net brûkt en hat er syn jas en syn medisinen thúslitten. René Ensing hat neffens de plysje syn mobile telefoan wol meinommen, mar dy hat er net oanstean.
Der is tiisdei besocht om de man mei in Burgernetaksje op te spoaren, mar dat hat neat oplevere.