Ungelok Dronryp nijs fan 2009

06 jan 2010 - 14:05

It ûngelok mei it salpetersoer by it suvelfabryk yn Dronryp is it wichtichste nijs fan 2009. Dat is de útkomst fan de nûmer-1-enkête fan woansdei. Harkers fan Omrop Fryslân neamden dit nijsfeit it faakst. Goeie twadde wiene de berjochten oer de resesje en de gefolgen.

Fierder waard de snie fan desimber neamd, mar ek de jacht op de herten op Skylge waard nominearre. Tongersdei is der wer in nûmer-1-enkête. Dan giet it om it bêste bedriuw fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)