2.000 toerriders by Earnewâld

06 jan 2010 - 14:01

Der dogge sa'n twatûzen minsken mei oan de famyljetoertocht yn Earnewâld. Dat is wat minder as ferline jier. De tocht is de earste toertocht fan Fryslân. De tocht fan 7,5 of 15 kilometer rint troch de Jan Durkspolder en it natoergebiet by Earnewâld.

Der binne wol in soad minsken ûnderút gien. De EHBO-posten hawwe it behoarlik drok mei it behanneljen fan fallen toerriders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)