Koudum: al trije konkrete tips

06 jan 2010 - 12:17

De útstjoering fan tv-programma Opsporing Verzocht oer it fjoerwurkûngelok yn Koudum hat tiisdeitejûn ferskate tips opsmiten. In ûnbekende smiet sneontenacht fjoerwurk yn in groep jongeren.

In famke (16) fan Aldegea (Ga.Sl.) dat yn de buert stie, rekke troch de knal in each kwyt. Mei de útstjoering yn it lanlike tillevyzjeprogramma hopet de plysje de dieder te pakken. De plysje krige tiisdei daliks al trije ridlik konkrete tips.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)