Asylhûnen ha wer ferwaarming

Dizze stabij waard tiisdei by Bûtenpost fûn en sit no ek yn it asyl
De hûnen yn it diere-asyl yn Droegeham sitte der wer waarm by. De opfang kaam yn it nijs omdat de cv-tsjettel it bejûn hie. En der wie gjin jild foar in nije. Nei in nijsreportaazje by ûnder oaren Omrop Fryslân krige it asyl seis tsjettels oanbean.
Tiisdeitejûn kaam in man nei it asyl mei in healsliten tsjettel en hat dizze fuortendaliks ynstallearre. Mei de nije tsjettel kin de opfang wer jierren foarút, sa seit frou Roukema fan it asyl.