Frou ferwûne by auto-ûngelok

06 jan 2010 - 10:23

In 25-jierrige automobiliste út Ljouwert is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok op de krusing fan de Harnzerstrjitte mei it Europaplein yn de Fryske haadstêd. De frou woe de strjitwei opride fan it plein ôf, mar moast remje foar it ferkearsljocht by Crystalic.

In 28-jierrige automobilist út Ljouwert seach dat te let en botste achterop de auto fan de frou. It slachtoffer hie lêst fan pine yn de nekke en de rêch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)