Drachtster sâlt op rantsoen

06 jan 2010 - 09:34

Nei de gemeente Hearrenfean hat ek Smellingerlân in tekoart oan struisâlt. De gemeente hat it sâlt dêrom op rantsoen set en it struibelied oanpast. Der wurdt allinnich struit op de haadrûtes en dêrby wurdt minder sâlt brûkt.

Neffens de gemeente kin Frisia Zout yn Harns net langer oan de grutte fraach foldwaan. Sân struie wol de gemeente leaver net. Dat soe te folle skea oan de diken en auto's fan gefolgen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)