Grouster wint reuzeslalom

Yannic de Wit yn aksje
Skiër Yannic de Wit út Grou hat yn it Eastenrykske Waigrain de 1e priis op de reuzeslalom wûn. Mei dizze winst stiet de 14-jierrige Grouster op it earste plak yn it klassemint om de Kids Cup. Yannic skyt al in tal jierren op heech nivo. Dit jier hat er him oansletten by Ski Racing Heemskerk.
Mei de winst hat er him pleatst foar ynternasjonale wedstriden yn Italië en Slowakije.