Garaazje ûnder Twibaksmerk

05 jan 2010 - 17:25

By it nije provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert komt in ûndergrûnske garaazje. Dat wie it wichtichste nijs tiisdei op de parsekonferinsje fan de gemeente Ljouwert en de provinsje. Yn de parkeargaraazje komt plak foar 250 oant 270 auto's.

Troch de garaazje komt der romte boppe de grûn om it gebiet te ferbetterjen. De Twibaksmerk soe in klassike leane wurde moatte en yn Droevendal moatte sa'n 35 nije statige huzen plak krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)