Asylhûnen yn de kjeld

Dizze stabij waard tiisdei by Bûtenpost fûn
De asylhûnen yn Droegeham sitte yn de kjeld. De cv is stikken en jild foar in nije is der net. De eigners dogge in oprop foar in twaddehâns ferwaarming. Foaral de lytsere hûntsjes sûnder al te folle hier binne nachts kâld.
Sneintejûn gie de cv-tsjettel stikken en straalkachels krije it der ek net waarm. It asyl fangt hûnen op foar de gemeente Achtkarspelen.