BOB-sliden beskikber steld

05 jan 2010 - 16:06

By de provinsje Fryslân lizze 400 BOB-sliden klear foar de ynwenners fan de provinsje. De provinsje wol de minsken dêrmei alternatyf ferfier oanbiede yn dizze winter. De sliden kinne ôfhelle wurde by it provinsjehús oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert.

De BOB-slide is eins bedoeld foar de promoasje fan it riden sûnder alkohol, mar neffens de provinsje krijt de ferkearsfeilichheid sa op in aardige manier wer de oandacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)