Arno Brok bêste politikus

Arno Brok waard keazen ta nûmer 1
Boargemaster Arno Brok fan Snits is de bêste Fryske politikus fan 2009. Dat is de útkomst fan de nûmer 1-enkête dy't Omrop Fryslân tiisdei hold. Benammen it feit dat er him as net-Fries it Frysk eigen makke hat is foar in soad minsken reden om Brok op it earste plak te setten.
Oare nammen dy't in soad ynbrocht waarden binne dy fan CDA-twadde kearmerlid Joop Atsma en it koartlyn ferstoarne Ljouwerter riedslid Hendrik ten Hoeve.