Advys: ophâlde mei jacht

Bisten krije it dreger
Jagersorganisaasje KNJV yn Fryslân advisearret syn leden om mei de jacht op te hâlden sjoen it winterwaar. Earder dizze winter is dat ek al bard. Neffens de Floara- en Faunawetjouwing mei ek net jage wurde by spoarsnie of op wetterwyld ticht by wekken.
Ek as de kondysje fan de bisten dúdlik te lijen hat fan it waar, is it better net te jeien. De KNJV krijt no meldings dat de kondysje fan de bisten wat efterút rint.