Koudum yn Opsporing Verzocht

05 jan 2010 - 10:29
  • It ûngelok barde yn dizze strjitte

De plysje ropt tiisdeitejûn de help fan it tv-programma Opsporing Verzocht yn om mear te witten te kommen oer in fjoerwurkûngelok yn Koudum. Der smiet in ûnbekende sneontenacht fjoerwurk yn in groep jongeren. In famke fan 16 rekke dêrtroch sa swier ferwûne dat se in each misse moat.

De plysje hopet no fia Opsporing Verzocht tsjûgen te finen dy't mear oer de dieder fertelle kinne. It programma is tsjin tsienen te sjen op Nederlân 1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)