Beda werom nei Hearrenfean

05 jan 2010 - 10:00
  • Pedro Beda

Pedro Beda is werom by SC Hearrenfean. De oanfaller kaam dit seizoen op hierbasis út foar FC Emmen, mar fanwege tsjinfallende resultaten is hy weromstjoerd.

Emmen ferwyt Beda ûnprofesjoneel gedrach. Sa kaam hy meardere kearen te let foar in training en waard hy twa kear fuortstjoerd. Beda traint op it stuit mei de beloften fan Hearrenfean mei. De oanfaller spile 17 kompetysjewedstriden foar Emmen en skoarde dêryn ien kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)